Mysterieuze stoet mei auto's

24 jun 2014 - 17:32
  • De mysterieuze stoet by Ljouwert
  • Plysjemotors hâlde krúspunten frij foar de stoet

In mysterieuze stoet mei djoere auto's ried tiisdeitemoarn yn 'e rjochting fan Dokkum. De stoet, dy't bestie út njoggen swarte Audi's en Mercedessen waard begelaat troch fjouwer plysjeauto's en tal fan plysjemotors. De motors soargen derfoar dat alle krúspunten ôfsetten waarden, sadat de stoet oeral trochride koe. Oan 'e ein fan de middei ried de stoet auto's wer yn 'e rjochting fan Ljouwert.

De redaksje fan Omrop Fryslân krige ferskate tips oer de stoet, mar hat noch net achterhelje kind wa't der krekt yn de auto's sieten.

Witte jo mear oer dizze mysterieuze stoet? Reagearje dan hjirûnder of nim kontakt op mei de redaksje. Dan kin telefoanysk: 058-2997772 of fia de mail: redaksje@omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)