Mysterieuze bonke is gjin bonke

27 des 2006 - 15:57

De mysterieuze bonke yn de Waadsee is gjin bonke. Dat hat bliken dien nei ûndersyk yn it Frysk Natuermuseum. Klaas Kuiken hie it ding fûn yn 'e Waadsee by Roptasyl, doe't er tegearre mei in maat mei de fûken oan de gong wie. Syn maat trape op wat hurds en se namen it ding mei nei hûs ta.

De preparateur fan it natuermuseum fynt dat it mear op in fulkanyske stien liket. Hy riedt Kuiken oan nei in stiennesaakkundige te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)