Mystearje fan 'losse tegels'

07 feb 2006 - 15:41

Yn Eastermar komme om ûnbegryplike redenen tegels los fan flier en muorre. Dat is bard by grienteboer Hamstra en wettersportsaak De Lits. Yn de nacht fan 22 op 23 jannewaris wipten dêr samar tegels út flier en muorre.

It KNMI hat gjin seismyske aktiviteit metten dy nacht en it wie ek net ekstreem kâld. Lútzen Antonides fan De Lits snapt der neat fan. Hast alle tegels yn de muorre fan de badkeamer sitte noch fêst en hawwe gjin skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)