'Mynbouwet gau oanpasse'

08 sep 2011 - 12:06
  • Wethâlder Lute Pen fan Menameradiel

De mynbouwet moat oanpast wurde, sadat it dreger wurdt foar bedriuwen om sâlt of gas ûnder de grûn wei te heljen. Dat wolle de fjouwer gemeenten yn Noardwest-Fryslân. De gemeenten sille dêrfoar in mienskiplike moasje oannimme en oanslutend lobbye en aksjefiere yn polityk Den Haach.

Mei de besteande mynbouwet is it dreech om bedriuwen as sâltfabryk Frisia yn Harns in fergunning te wegerjen. De gemeenten wolle dat yn 2013 in ein komt oan de sâltwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)