"Myn bern witte net dat se fan de Voedselbank ite"

02 des 2015 - 17:46
  • Klanten fan de Ljouwerter itensbank moatte bûtendoar wachtsje

Omrop Fryslân komt fan moandei ôf twa wiken lang yn aksje foar de Voedselbank. It tal minsken dat der gebrûk fan makket, nimt noch hieltyd ta. Dochs bliuwt der in taboe op. Kliïnten komme der net graach foar út help te krijen fan de Voedselbank.

Ien fan harren doart it dochs oan om har ferhaal te dwaan foar ús mikrofoan, mar dan wol anonym. Se is in allinnesteande, skieden, frou mei twa bern fan 14 en 9 jier. Ien kear yn de twa wiken hellet se in pakket by de itensbank.

Skamte

Se fynt it ferskriklik om te dwaan, mar kin net oars. De frou sit yn de skuldsanearring, neidat har hoarekasaak fallyt gie. Se libbet fan de bystân en moat dêrfan trije jier lang 10 prosint ôfstean om har skulden ôf te lossen. Se is bliid mei de help fan de itensbank, mar hâldt it foar harsels. "Het blijft een soort schaamte. Mijn eigen kinderen weten het niet eens. Ook mijn vrienden niet. Het is een situatie waar je niet in terecht wilt komen. Maar het kan iedereen overkomen."

Takomst

De frou kin har der goed mei rêde. Sûnder it pakket soe se te min iten ha foar har en de bern. Se hat dan ek grut respekt foar de frijwilligers dy't har ynsette foar de Voedselbank. Dochs is der fertrouwen yn de takomst. "Ik kom er weer uit, daar heb ik alle vertrouwen in. Ik heb bovendien lieve kinderen en familie."

De aksje 'Samen voor de Voedselbank' giet moandei 7 desimber los. De omrop sammelet dan iten yn. Wa't it wol, kin dan hâldbere produkten nei de redaksje bringe of by de dielnimmende supermerken. Alle ynformaasje stiet op de spesjale aksjeside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)