Muzykûnderwiis bliid mei jild

27 okt 2014 - 17:01
  • Trompet

It kabinet stelt miljoenen ekstra beskikber foar muzykûnderwiis. Krekt yn dizze tiid dat de muzikale foarming troch stevige besunigings bot ûnder druk stiet. Op de basisskoallen yn Jobbega binne se der wiis mei. De bern oefenje ûnder skoaltiid foar it Frysk learorkest.

Nettsjinsteande de besunigings fan de lêste jierren dogge se der alles oan om it orkest yn stân te hâlden. It sintrum foar de keunsten, Atelier Majeur, is organisator en wiis mei it ekstra jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)