Muzykteaterstik foar Aidsfûns

15 jun 2006 - 14:32

Muzykteater Hebhetlief fan it Sintrum foar de Keunsten yn Snits hat goed 700 euro by inoar spile foar it Aidsfûns. Se diene dat mei de foarstelling Zoet. Dy spilen se op ferskate middelbere skoallen en yn teaters yn Fryslân.

Yn dy foarstelling kaam it tema aids oan bod. Nei de foarstelling krigen besikers in kondoom as se jild yn de kollektebus diene. Fertsjintwurdiger Disselhof fan it Aidsfûns Noard hat de opbringst yn ûntfangst nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)