Muzykskoalle Bilt hat it te drok

02 jul 2004 - 15:40

De muzykskoalle op It Bilt sit yn de problemen. Net om't der te min learlings binne, der binne júst te folle. Benammen de blaasynstruminten binne sa populêr dat der jild by moat om eltsenien les te jaan.

De muzykskoalle en de korpsen ha har hoop festige op de gemeente. Om har noed hearre te litten, brochten de korpsen tongersdei in besite oan it gemeentehûs. Oare wike beslút de gemeenterie oft der eksta jild komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)