Muzykpriis foar Jacob de Haan

29 jan 2003 - 00:00

Komponist/arranzjeur Jacob de Haan fan Rotterdam krijt sneon de Muzyk Maskelyn-trofee. De Haan groeide op op it Hearrenfean. Hy studearre oargel en skoalmuzyk yn Ljouwert. Yn de jierren tachtich begûn syn súkses as blaas- komponist. Tige bekend binne syn wurken basearre op filmmuzykachtige kombinaasjes fan stilen.

De Haan krijt de trofee op it Brassband Festival yn Ljouwert. Dêr wurdt in lieteseleksje fan Slauerhoff útfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)