Muzykmaraton yn Aldeberkeap

12 maaie 2008 - 12:29

Foar de restauraasje fan de muorre om de Bonifatiustsjerke yn Aldeberkeap hinne is 250.000 euro nedich. Sneon waard in muzykmaraton holden om in part fan it jild op it kleed te krijen.

Sa'n 120 sjongers en muzikanten út Alde- en Nijeberkeap diene dêr oan mei. Se songen en musisearren tolve oeren lang oan ien stik troch. De maraton brocht 400 minsken nei de tsjerke. Sy koene in frijwillige bydrage jaan. De muzykmaraton hat hast 2400 euro opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)