Muzyklessen foar alle bern fan basisskoallen yn Wommels

14 aug 2015 - 11:06
  • Gitaar

Bern fan alle basisskoallen yn Wommels krije dit jier muzykles. De stifting Muzyk op Skoalle, Mosk, hat dêrfoar it inisjatyf naam. De stifting fynt it wichtich dat alle bern muzykûnderwiis krije. De lessen op skoalle wurde jûn troch in studint skoalmuzyk fan it Prins Claus Conservatorium yn Grins.

Foar him is dit tagelyk syn ôfstudearprojekt. Hy sil ek noch in plan fan oanpak foar de kommende jierren skriuwe. De stifting is noch op syk nei jild en hopet benammen op stipe fan fûnsen en op aksjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)