Muzyklessen A7 gean troch

13 nov 2009 - 14:17

De muzyklessen fan it sintrum foar de keunsten A7 kin foarearst dochs trochgean, ek al is it sintrum fallyt ferklearre. Dat hat de kurator fan it sintrum foar de keunsten freed oan it personiel ferteld.

In definitive trochstart is der noch net. De mooglikheden dêrfoar wurde de kommende moannen ûndersocht. De gemeenten Opsterlân, Hearrenfean en de beide Stellingwerven wolle wol garant stean foar it muzyksintrum. Tsien dosinten krije yn elk gefal dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)