Muzykles foar alle bern út groep 4 yn Harns

03 sep 2015 - 19:55

Alle skoalbern út groep 4 yn Harns krije fan dit skoaljier ôf wer muzykles. De skoallen wurkje hjirfoar gear mei kultuersintrum Ritmyk. De iene wike krije de bern les fan de eigen juf of master, de oare wike komt der in dosint fan Ritmyk nei de skoalle. De bern leare net allinnich muzyk meitsjen mei ferskate ynstruminten, mar krije ek sjong- en dûnsles.

Doel is om de gearwurking noch fierder út te wreidzjen: yn 2018 moatte alle skoalbern fan groep 1 oant en mei groep 8 wer muzykles krije op skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)