Muzykles fergees yn Wymbrits

25 aug 2009 - 12:13

Wymbritseradiel biedt mei yngong fan dit skoaljier fergese muzyklessen oan bern oan út earme gesinnen. Sy kinne in jier lang fergees muzykles krije op it Centrum voor de Kunsten & Ritmyk.

It giet om bern op de basisskoallen én de skoallen foar fuortset ûnderwiis yn de gemeente. Bern út de groepen 4 en 5 fan de basisskoalle kinne AMV, Algemene Muzikale Vorming, folgje. Fan groep seis en oant en mei 18 jier kinne bern fergees les krije yn it bespyljen fan in ynstrumint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)