Muzykfestival hast útferkocht

25 jul 2009 - 12:27

De earste edysje fan muzykfestival Into the Great Wide Open fan Flylân is al hast útferkocht. Der binne al mear as 3000 kaarten ferkocht foar it barren op it earste wykein fan septimber. Op it muzykfestival spylje ûnder oare Johan, Lay Low, Emillia Torrini en The Veils.

Mooglik kin it festival takom jier al groeie nei maksimaal 5000 besikers. It festival wurdt holden op kemping Stortemelk op it eilân. Der is ek omtinken foar natuer en keunst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)