Muzykfestival CityProms súkses

27 jun 2011 - 10:29

It klassike muzykfestival CityProms yn Ljouwert hat it ôfrûne wykein 9000 besikers lutsen. It festival waard foar de earste kear holden. De organisaasje fynt it in súkses en wol takom jier in ferfolch hâlde. Snein wie der in optreden fan it Frysk Jeugd Orkest. Sneon wie de famyljefoarstelling Peer Gynt, mei René Groothof.

Meielkoar wiene der goed tritich foarstellings op ferskate lokaasjes yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)