Muzyk te lûd, man oanhâlden

27 jun 2013 - 17:38

De plysje hat tongersdei yn Ferwert in man fan 32 út dat doarp oanhâlden, omdat er de muzyk fierstente lûd stean hie. De hiele buert hie der lêst fan. Doe't de plysje by him oanbelle, die de man net iepen. Ien fan de plysjes klom doe mei in ljedder nei it rút fan de sliepkeamer dêr't it leven weikaam. Omdat it net slagge kontakt te krijen mei de bewenner, hat de plysje op 't lêst de foardoar mar iepenbrutsen. Doe die bliken dat de man de plysjes net heard hie. Njonken de muzykynstallaasje waard ek noch in mes yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)