Muzyk- en fitnessplakken by behannelsintrum GGZ yn Ljouwert

19 apr 2016 - 12:04
  • GGZ Fryslân

GGZ Fryslân hat yn it behannelsintrum Neuropsychiatry yn Ljouwert twa separearromtes omboud ta muzyk- en fitnessplakken. It is neffens de lieding in bewuste kar om it gebrûk fan isolearromtes safolle mooglik te beheinen. Neffens de GGZ is it foar sawol pasjinten as personiel altyd hiel yngripend om in persoan apart te setten. Se dogge der dêrom alles oan om soks safolle mooglik foar te kommen. Al kin it nea hielendal útsletten wurde.

De measte pasjinten op lokaasje De Drie Dukatons hawwe in alkoholrelatearre harsenoandwaning, lyk as Korsakov. Mar der wurde ek minsken behannele mei in harsenôfwiking, ûntstien nei in ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)