Muzikanten hâlde op om Doeksen

19 sep 2013 - 14:24
  • De oanlissteger fan Flylân

Twa leden fan de Fryske folkgroep Irish Stew ferlitte de band fanwege de nije wintertsjinstregeling fan rederij Doeksen. Ger Lamerus en Nils Koster wenje beide op Flylân en hâlde op om't se winterdeis te lang ûnderweis wêze soenen foar optredens. Wannear't de plannen fan Doeksen trochgean, binne beide muzikanten twa folle dagen fuort foar ien optreden. Dat fine se 'gekkewurk'.

Irish Stew, bekend fan nûmers as 'De Oudste Stapper fan de Stad', giet no as trio fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)