Muzikantedei yn Ljouwert

28 apr 2012 - 16:40

It libben fan in profesjoneel muzikant draait net allinne mar om it meitsjen fan muzyk. De saaklike kant is op syn minst sa belangryk. Om begjinnende artysten wat op wei te helpen mei har karriêre wie der sneon yn Ljouwert in muzikantedei mei workshops, lêzingen en fansels muzyk.

De muzikantedei yn poppoadium Romein waard organisearre troch Buma Cultuur, dy't him ynset foar de muzyk yn Nederlân. Sa kinne muzikanten tips krije oer hoe't se har liet op 'e radio krije kinne en fertelle oare artysten oer har ûnderfinings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)