Muzikant Willem Horjus stoarn

18 aug 2010 - 10:15

De Boalserter muzikant Willem Horjus is stoarn. Nei it konservatoarium begûn er mei it komponearjen fan muzyk. Hy waard benammen bekend as drummer en pianist. Hy siet yn de Fryske band Wiegels Wjukkelmasine dy't ein tachtiger en begjin njoggentiger jierren populêr wie. Horjus hat ek as solo-artyst spile.

De lêste jierren spile er as akkordeonist op rûnfeartboaten yn Amsterdam. Horjus wie slim siik. Hy is 50 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)