Mûzeskea boeren al oprûn oant 70 miljoen euro

18 jan 2015 - 14:48

De múzeskea by boeren yn Fryslân is oprûn nei hast 70 miljoen euro. Dat seit Andries Jan de Boer fan 3D Agro Advys. Hy berekkenet foar boere-organisaasje LTO de skea en makket de nije sifers moandei offisjeel bekend. Der binne no al 700 skeameldings binnen kaam op it mûzemeldpunt en yn trochsneed giet it om 50 bunder oantaast lân.

Moandei besykje de boeren mei in mûze-aksjedei de lanlike polityk der fan te oertsjûgjen dat der help komme moat. It kin dan gean om jild of om mear frijhied om de pleach te bestriden.

Sa't it no liket, giet der meikoarten ek in delegaasje fan de mûze-aksjeboeren nei de Twadde Keamer yn Den Haach. De mûze-aksjedei en it mûzemeldpunt binne in inisjatyf fan fiif mûze-aksjeboeren út Ypekolsgea en Yndyk by Wâldsein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)