Mûzepleachrapport wurdt yn jannewaris presintearre

24 des 2015 - 12:51
  • Fersûpte mûs

It ekologysk ûndersyks- en advysburo Altenburg & Wymenga presintearret op 18 jannewaris syn rapport oer de mûzepleach fan 2014 en 2015. It ûndersyk is dien yn opdracht fan de provinsje. Ek Wetterskip Fryslân, Alterra Wageningen en de Stichting Werkgroep Grauwe Kiekendief hawwe meiwurke oan it rapport.

It ûndersyksrapport soe him rjochtsje op de mûzepleach fan 2014 en nei de simmer fan dit jier ferskine. Mar om't de pleach langer duorre, is der fierder ûndersyk dien nei mooglike bestridingsmaatregels en de effekten dêrfan.

Dizze binne no opnaam yn it einrapport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)