Mûzepleach feroarsaket problemen by spottersbult fleanbasis

20 mrt 2015 - 19:47
  • Gatten yn de spottersbult by Fleanbasis Ljouwert

Nei it boerelân, de seediken en de folkstunen hat de mûzepleach no ek de spottersbult by de Ljouwerter fleanbasis berikt. De ierden bult oan de râne fan de basis sit fol mei gatten.

Oer in pear wiken begjint de grutte oefening Frisian Flag wer en dêr komme altyd in soad spotters op ôf. Op de bulte sels steane dan sa'n 150 man, mar it is mar de fraach oft de bult dat no hâlde kin. De Aviator Club Leeuwarden makket him grutte soargen oer de feiligens.

Net allinich de mûzen meitsje gaten, mar ek de rôfbisten dy't op jacht binne nei de mûzen soargje foar skea. De spottersklub hat de gemeente no frêge om ûndersyk te dwaan nei de bult. As dêr út bliken docht dat de bult net feilich is, dan wol de klup dat der maatregels naam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)