Mûzen binne ek pleach foar folkstunen

24 feb 2015 - 20:52
  • In lân fol mûzegatten

Neist de boeren krije hieltiid mear folkstunen lêst fan de grutte mûzepleach yn ús provinsje. Ek dêr soargje de bisten foar tsientûzenen euro's oan skea. Sa besocht de folkstúnferiening fan Jorwert de mûzen te ferjeien troch it hiele kompleks ûnder wetter te setten.

Ek op de folkstún fan Grou hawwe se in soad lêst fan de bisten. Neffens it bestjoer giet de risping fan dit jier foar in soad leden ferlern. Sy sjogge it ûnder wetter setten fan it kompleks net sitten. Neffens harren hat dat gjin doel, om't der nije mûzen foar werom komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)