Mûzefallen yn Frysk Natuermuseum

23 nov 2001 - 00:00

It Frysk Natuermuseum yn Ljouwert hat in privé-sammeling fan 220 mûzefallen yn hannen krigen. De sammeling komt fan Bart Nieuwenhuis út Ljouwert. Sa'n 30 jier lyn kocht hy syn earste fal yn in winkel yn New York. Sûnt dy tiid kocht hy op syn fakânsjebestimmingen faak mûzefallen. No't hy ferhûzet nei Afrika wol er de fallen kwyt. Yn it museum is in lytse seleksje te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)