Mûzebiters krije amper jongen

05 aug 2011 - 08:29

It giet tige goed mei de rôffûgels yn Fryslân. Mar briede slagget mar net. Dat seit de Fryske Miljeufederaasje. Der binne foaral in soad mûzebiters. Mar jongen komme der net fan. Dat komt ûnder oare trochdat der op de fûgels jage wurdt.

Trochdat de fûgels hieltiid faker sjoen wurde, bestiet it idee by guon dat se in grutte bedriging binne foar de greidefûgels. Dêrom wurdt derop jage en wurde aaien stikken makke. Dat bart yn Fryslân mear as earne oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)