Musykferienings foar fúzje

11 okt 2007 - 22:09

It Kristlik Bûn fan Musykferienings yn Fryslân, de CBMF, stipet it foarstel om mei de Katolike en Algemiene federaasjes te fusearjen ta ien lanlik bûn. Dat betsjút dat der ien Frysk Bûn fan amateurkorpsen komt. Dat is tongersdei op in spesjale gearkomst besletten troch de 160 kristlike Fryske korpsen yn de provinsje.

De korpsen sels bliuwe al kristlik, mar it bûn wurdt algemien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)