Musikal mei produsint fan 17

18 apr 2003 - 00:00

Yn de simmer fan 2004 is de premjêre fan in musikal yn de bosk fan Feankleaster. Bysûnder is dat de produsint, Durk Bruinsma fan Kollumersweach, noch mar 17 jier is. Freed waard it ferhaal oer de jonge Isman, dy't in Azteeks ryk regearret, presintearre.

Twa jier lyn krige Durk it idee foar de musikal. Der kaam in bestjoer, komponisten en tekstskriuwers. Yn septimber begjinne de audysjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)