Museumwykein yn Fryslân

09 apr 2005 - 12:55

50 museums yn Fryslân dogge dit wykein mei oan it nasjonale museumwykein. It is foar de 24ste kear dat dit wykein halden wurdt. In soad museums binne fergees of mei koarting te besjen.

Tema is dit jier 'De keunst fan it bewarjen'. Der wurde saken sjen litten dy't oars altyd yn it depot lizze. Fierder wurdt ek ekstra omtinken jûn oan de ferskillende metoades om de museumstikken te beskermjen tsjin bygelyks môch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)