Museumwykein minder populêr

14 apr 2003 - 00:00

It Nasjonaal Museumwykein hat dit jier folle minder besikers lutsen as ferline jier. Yn Fryslân kaamen 13.500 minsken nei de musea, dy't fergees iepen wiene. Ferline jier wiene dat 25.000. Musea mei bûtenaktiviteiten hiene it measte folk oer de flier. Sa kamen nei it Kazemattenmuseum yn Koarnwertersân 2450 minsken.

Yn Ljouwert hie it Frysk Museum 1300 besikers en it Prinsessehôf kaam út op goed 1100 gasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)