Museumwykein: minder minsken

16 apr 2007 - 09:08
  • It Frysk Museum luts mei it moaie waar dochs noch 875 besikers

It bysûnder moaie waar hat foar in djiptepunt yn de besikerssifers fan it museumwykein soarge. Musea mei bûtenaktiviteiten lykas de Spitkeet op De Harkema hiene mear oanrin as oars, mar dy oantallen koene net goed meitsje wat de oare musea misrûnen.

By it Fries Museum kamen mar 875 besikers. Oare jierren wiene dat der wol 3000. Meiïnoar kamen der 12.000 minsken op it museumwykein ôf, de helte minder as eardere edysjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)