Museumhaven yn Terherne

01 jul 2008 - 16:59
  • De nije museumhaven yn Terherne

Yn Terherne is tiisdei in haven foar klassike skippen iepene. Ljouwert en oare stêden yn Nederlan hiene al museumhavens. Foar it earst hat in doarpke soks ek. Allinnich âlde skippen meie oanlizze yn 'e haven. Dat binne benammen boaten út de earste helte fan 'e foarige ieu. It giet om skippen fan soms wol 100 jier âld.

De haven hat 500 meter oanliskade. Der binne ek achttjin rekreaasjehúskes boud, in nautysk boekwinkeltsje en in atelier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)