Museumferbou foar Bonifatius

22 jan 2004 - 00:00

Streekmuseum It Admiraliteitshûs yn Dokkum wurdt meikoarten ferboud. Fan 1 febrewaris ôf oan begjin juny ta giet it museum ticht. Dan wurdt yn it Baptistetsjerkje njonken it museum in in útstalling oer Bonifatius ynrjochte.

De gemeente hat foar de needsaaklike ferbouwing ekstra jild jûn oan it streekmuseum. Dokkum pakt dit jier grut út mei de betinking dat Bonifatius 1250 jier lyn fermoarde waard by de stêd. Op 5 juny is it Bonifatiusdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)