Museumdirekteur net yn berop

05 aug 2004 - 15:00

It Iepenbier Ministearje giet net yn heger berop tsjin de feroardieling fan de eardere direkteur fan it streekmuseum Opsterlân. De man is twa wike ferlyn feroardiele ta trije jier sel, wêrfan't ien jier op betingst.

It Iepenbier Ministearje hie fjouwer jier selstraf easke. De eardere museumdirekteur krijt de straf fanwege stellerij en heling. Hy giet sels ek net yn heger berop tsjin syn feroardieling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)