Museumaksje is grut sukses

27 feb 2010 - 13:27

De aksjewike yn de Fryske musea 'Help pake en beppe de vakantie door' is in sukses. Ofrûne wike kamen 12.500 besikers nei de musea. Dat is 2500 mear as yn de foarige aksjewike. Op 35 plakken koene bêrn fergees mei pake of beppe nei binnen.

It Fries Natuurmuseum luts de measte minsken. Yn 4 dagen tiid kamen der 3750 besikers. Dêrmei wie it smoardrok yn it natuermuseum. Museumkonsulinte Mirjam Pragt is net benaud dat de wike oan syn eigen sukses ûndergiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)