Museum wol ekstra befeiliging

22 apr 2008 - 10:50
  • Museum Princessehof wol ekstra befeiliging tsjin stellerij

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert nimt ekstra maatregels tsjin stellerij. De lêste jierren hawwe der gauris grutte keunstrôven west. Ferline moanne noch waard út in galery yn Laren in kostber byld stellen. It museum yn Ljouwert is no al flink befeilige, ûnder oare mei kamera's.

Direkteur Van 't Veen wol dat de ekstra befeiliging betelle wurdt troch it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)