Museum 't Coopmanshûs ferkocht

30 sep 2004 - 12:19

De gemeente Frjentsjerteradiel hat de gebouwen fan museum 't Coopmanshûs foar hast 9 ton ferkocht. It jild wurdt brûkt foar de ferbou fan it Martenahûs, dat it nije ûnderkommen wurdt fan it Coopmanshûs. It museum is ferkocht oan de projektûntwikkelder. Hy wol de gebouwen opknappe om der wenten en winkels fan te meitsjen.

't Coopmanshûs mei ien fan 'e gebouwen oant 1 jannewaris 2006 brûke. Dêr wurdt de museumkolleksje salang ûnderbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)