Museum siket treinkaartsje

02 jul 2014 - 18:46
  • It museum siket in kaartsje út 1839

It spoarwegemuseum yn Utrecht siket it âldste treinkaartsje fan Nederlân, dat is útjûn yn 1839. Reden foar de syktocht is it ferdwinen fan it papieren treinkaartsje, nije wike is de lêste dei dat der noch mei in papieren kaartsje reizge wurde kin. It âldste kaartsje is 25 tûzen euro wurdich. It kaartsje dat it museum no hat is fan 1840.

Treinkaartsjes út dy tiid binne seldsum, omdat reizgers de kaartsjes by it útstappen wer ynleverje moasten, dan waarden se teld en ferneatige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)