Museum siket oarlochsguod

23 apr 2012 - 14:38

Op 3 maaie kinne minsken materiaal út de perioade fan de Twadde Wrâldoarloch ynleverje by it Fersetsmuseum Fryslân yn Ljouwert. De lanlike aksje Niet Weggooien is in inisjatyf fan de oarlochs- en fersetsmusea yn Nederlân. Se wolle foto's, films, brieven en oar materiaal út de oarlochsjierren sammelje en tagonklik meitsje.

It fersetmuseum yn Ljouwert is op syk nei guod út of oer de Twadde Wrâldoarloch dat yn relaasje stiet ta Friezen en Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)