Museum siket 'gewoane' foto's

17 des 2012 - 20:39
  • Fries Museum
  • Foto Fersetsmuseum
  • Foto skoalklasse fan Fersetsmuseum
  • Persoanbewiis Fersetsmuseum

It Fersetsmuseum yn Ljouwert siket om 'gewoane' foto's en persoansbewizen út de oarloch. It giet dan om bygelyks foto's fan trouwerijen, sportwedstriden of famyljemominten.

It museum wol se brûke foar de earste grutte útstalling by de iepening fan it nije Fries Museum yn septimber. Oan de hân fan de ferhalen by de foto's wol it fersetsmuseum de belibbing fan de oarloch yn byld bringe. Tagelyk jout it ynsjoch yn it deistich libben yn de perioade 1940-1945.

Minsken kinne har foto's en persoansbewizen ynleverje op freed 4 jannewaris tusken 10.00 en 16.00 oere yn it nije Fries Museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)