Museum rekket topstikken kwyt

07 feb 2006 - 08:18

It Frysk Museum rekket trije skilderijen fan Jacobus Sibrandi Mancadan kwyt. De wurken meitsje diel út fan 'e kolleksje-Goudstikker. Steatssiktaris Van der Laan makke moandei bekend dat alle keunstwurken fan dizze samling weromjûn wurde oan de erven Goudstikker.

Twa keunstwurken fan Mancadan, in Landschap met herders en vee en Landschap met Granida, meie sa't it no liket wol yn Ljouwert bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)