Museum Opsterlân fernijt

25 mrt 2010 - 11:01
  • Foto's: Omrop Fryslân

Museum Opsterlân sil reorganisearje om mear besikers te lûken. Der komme no jiers 4000 minsken en dat moatte twa kear sa folle wurde. It museum wurdt in 'beleefmuseum' mei ferhalen oer wichtige minsken út 'e skiednis fan 'e gemeente. Tocht wurdt ûnder oare om 'e rol fan 'e adel yn Beetsterseach, de skiednis fan 'e joaden op De Gordyk en ek it ûntstean fan De Gordyk sels.

It museum sit yn in âld skoalgebou op De Gordyk. De fjouwer boppesealen wurde opnij ynrjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)