Museum molkfabryk Steggerda

06 maaie 2011 - 16:04

Steggerda hat in museum krige oer it eardere suvelfabryk yn it doarp. Yn it sintrum stie fan 1907 oant 1979 it molkfabryk De Takomst. Dat wie in wichtige wurkjouwer foar it doarp en omkriten. De skoarstien wie 30 meter heech.

De oanlieding foar de bou fan it museum wie de âlde stoommasine fan it fabryk. Dy wie yn it besit fan it doarp en stie te ferruskjen en doe ûntstie it idee. It nije museum hat in piip fan 8 meter heech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)