Museum mei yn Eysingahûs

30 sep 2007 - 14:11

It Eysingahûs yn Ljouwert mei de funksje fan museum ha. Dat skriuwt it provinsjebestjoer as antwurd op fragen fan de PvdA-steatefraksje. Neffens de fraksje wol de stifting 'Staten en stinzen' it museum begjinne. It Eysingahûs soe dan ynrjochte wurde as 18e ieuws wenhûs.

It Eysingahûs jout mei de Kânselarij no noch ûnderdak oan it Fries Museum. Dat moat op termyn ferhuzje nei it Wilhelminaplein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)