Museum lit sulverskatten sjen

27 aug 2000 - 16:09

It Frysk Museum komt foar it earst sûnt 1927 wer mei in grutte sulvereksposysje. Yn 'De Zilveren Eeuw' binne topstikken te sjen út de eigen kolleksje, oanfold mei stikken út partikuliere kolleksjes.

Der wurdt ûnder mear sulver útstald dat sûnt 1927 net mear te sjen west hat. Topper is de saneamde Poptaskat, seis stikken pronksulver út it Poptaslot. De iepening is op 9 septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)