Museum lilk oer hege belesting

27 aug 2012 - 09:55
  • It nije Frysk Museum yn Ljouwert

It nije Fries Museum yn Ljouwert fynt it der fier by troch dat it museum in ton ûnreplikguodbelesting betelje moat. Dat seit saaklik direkteur Woering. Hy makket juridysk en moreel beswier. Neffens him is it nije museum krekt bedoeld om in soad besikers fan bûten de stêd nei it sintrum te krijen. Hy fynt it net rjochtfeardich dat it museum dan safolle jild oan de gemeente betelje moat.

Koartlyn waard dúdlik dat it museum yn 2014 in tekoart ferwachtet fan 3 oant 6 ton. Foar de eksploitaasje is it museum ôfhinklik fan provinsjejild.

Yn septimber 2013 giet de nijbou fan it museum op it Saailân yn Ljouwert iepen foar publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)