Museum krijt Iraansk keramyk

27 maaie 2001 - 00:00

Museum It Princessehof yn Ljouwert hat fan in partikulier in kolleksje Iraansk keramyk krigen. It museum hat dit wykein in eksposysje fan de stikken iepene.

De skinkster hat mear as tritich jier dwaande west de kolleksje op te bouwen. Guon stikken út de kolleksje binne fan fjouwertûzen foar Christus. Neffens direkteur Van 't Veen is in gat yn de kolleksje fan it museum opfold.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)