Museum krijt bysûndere beurs

21 des 2006 - 12:09

It Fries Museum hat út in skinking in hiele bysûndere houliksportefúlje út 1680 krigen. It giet om in seldsume mei goud borduerde beurs dêr't leafdesbrieven yn bewarre waarden. Borduerwurk wie yn de 17de ieu in wichtich statussymboal. It materiaal wie djoer en der gie in hiel soad tiid yn sitten.

De portefúlje is noch oant 21 jannewaris te sjen op de jubileum- útstalling Tsjoch yn it Fries Museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)