Museum Dokkum tydlik ticht

27 okt 2009 - 12:17
  • It Admiraliteitshûs wurdt opknapt

It Admiraliteitshûs yn Dokkum giet trije moanne ticht omdat it museum in grutte ûnderhâldsbeurt krijt Fan 1 novimber oant 2 febrewaris slút it de doarren. It gebou út de 17e ieu wurdt fan binnen ferve en der wurdt it nedige ûnderhâld dien. Fan 't simmer is de bûtenkant fan it museum ferve en binne in tal kezinen ferfongen.

Omdat in part fan de kolleksje ûnder it ûnderhâldswurk yn it depot opslein wurdt en om oerlêst foar te kommen, is besletten it museum salang te sluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)